Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op fryskekameleonfilm.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


Fryske Cash


Fryske Cash (2011)

Johnny Cash is fansels in grutte held foar in soad minsken. Sa ek foar Klaas Land en Jacco de Boer. Dizze twa wâldpiken binne altyd te finen wêr't wat bart. Al is it mar om't se der sels op ien of oare manier ynsitte. Op in terraske kamen se der efter dat sy beide Cash tattoo's hawwe. Mei noch in hiel ferhaal der efter ek. Sa is it plan foar Fryske Cash ûnststien. Klaas en Jacco sochten beiden harren favorite Cash nûmers út, sochten dêr wer harren favorite artysten by en sa is it Fryske Cash projekt ûntstien. Neist alle artysten dy't meidogge hat ek it fertaaltiem tige warber west. Wat in prachtige teksten hawwe sy makke fan dy simpele mar oe sa moaie teksten fan Cash sels. Net allinich yn it geef Frysk, mar ek yn it Liwwadders en Wâldfrysk fansels. Sa docht eltsenien sy ding yn dit projekt en dat ek noch sûnder subsydzje. Fryske Cash hâldt him sels de broek omheech en sil Fryslân en de Friezen wat opsmite.

1 Eeltsjemar - Highway 54
2 Dinie is doad - Cees Greuter
3 Spiritual - Agnes Sambrink
4 In man neamd Tyt - Eduard Rekker
5 Ballade fan in breezerslet (one take track) - Rockin Ronnie
6 Fiif klomp heech en rûzich - Eddy Dykstra
7 De smelle wei - Hendrik Waringa
8 Sear - Monstertux
9 Druksrotsoai - De hûnekop
10 De grutste cowboy dy't der is - Eric Ennema
11 Ferlossing - De Hamstra's, Foppe Land
12 Dwerse strepen - Rients Gratama
13 Spookbrommers yn de loft - Ska3
14 De kop foardel - Baldrs Draumar
15 Toe jou dyn mes oan mem - Elske Minnema
16 Sneintemoarn - Laurens van der Meulen
17 Guule - Billy Benton
18 Dwerse strepen - Rients Gratama, Steff da Campo
19 Berltsum - Anneke Douma, Pieter van der Bij
20 Grut Lamkumer blues - Highway 54
21 Myn opa syn klok - Reitse Spanninga